Alvestêdebrevetten útrikt

Kommissaris fan 'e Kening John Jorritsma hat freedtemiddei oan 32 minsken it Alvestêdebrevet útrikt. Dat krigen se, om't se de Alvestêdetocht op de fyts, kuierjend en op redens ôflein hawwe. Mei de útrikking komt it totaaltal minsken dat sa'n prestaasje levere hat op 1433. De útrikking wie op it Provinsjehûs yn Ljouwert. De Alvestêde-kuiertocht is dit jier fan 27 o.e.m. 31 maaie.