Gjin oare útslach Menameradiel

21 mrt 2014 - 15:49

It wertellen fan stimmen yn Menameradiel het gjin oare útslach opsmiten. Dat lit boargemaster Van Mourik witte. Omdat by fjouwer stimburo's it totaaltal stimmen net oerienkaam mei de optelde stimmen per kandidaat, waard de telling by dy buro's opnij dien.

Dêr binne gjin oare sifers út nei foarren kaam. Dat betsjut dat der neat mear feroaret oan de ferdieling fan de sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)