Yn it spier foar NLdoet

21 mrt 2014 - 15:06
  • Frijwilligers rêde de tún op by de Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach

Hûnderttûzenen frijwilligers stekke freed en sneon de hannen út de mouwen foar NLdoet, de grutste frijwilligersaksje fan Nederlân. Yn Fryslân binne ek rûnom aksjes dêr't frijwilligers oan meidwaan kinne. Yn Opsterlân bygelyks hawwe se goed fyftich putsjes, fariearjend fan it ferfangen fan de buertfersiering ta ûnderhâld oan de jeugdsoas. De Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach kriget in grutte skjinmakbeurt.

Yn multyfunksjoneel sintrum Ludingawaard yn de Ljouwerter wyk Bilgaard bakke se cakes foar de foedselbank.

Yn Nij Statelân in Menaam dogge skoalbern bingo mei de bewenners. Frijwilligers yn âldereintehûs It Nije Hoek yn Ljouwert helpe mei by it ferfangen fan plafondplaten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)