Wilders-oerlis PVV Steaten

Geert Wilders op de ferkiezingsjûn gemeenteriedsferkiezings © ANP
De PVV Fryslân nimt moandei in beslút oer it stânpunt ynsake de útspraken fan Geert Wilders. Op in partijgearkomste rôp Wilders dat er regelje soe dat der minder Marokkanen komme soene.
In soad minsken binne dêrfan skrokken. Politisy en maatskiplike ynstânsjes nimme ôfstân fan Wilders. Ien fan de Twadde Keamerleden fan de PVV, Roland van Vliet, is opstapt. Wat de trijemans Steatefraksje fan de PVV dwaan sil, wurdt moandei besletten.