Tûmba: 40 klachten oer Wilders

Tûmba
Antydiskriminaasjeburo Tûmba hat oant no ta fjirtich reaksjes krige nei oanlieding fan de Marokkane-útspraken fan Geert Wilders. Opfallend is neffens Tûmba dat mar trije fan dy reaksjes komme fan minsken fan Marokkaanske komôf. De rest fan de meldings binne fan Friezen en Hollanners.
Nei oanlieding fan de meldings hat Tûmba tongersdei kontakt opnaam mei de plysje. Dy hat tasein it eigen personiel yn te ljochtsjen oer de ûnrêst en de mooglike oanjeftes dy't dien wurde.