Telling Menameradiel moat oer

21 mrt 2014 - 11:56

De stimmen fan fjouwer stimburo's yn de gemeente Menameradiel moatte op 'e nij teld wurde. It Sintraal Stimburo yn de gemeente hat dat freed bepaald. De telling moat oer foar de stimburo's Menaam, Dronryp, Berltsum en Bitgummole. De nije telling is nedich, omdat by de buro's it totaaltal stimmen net oerienkomt mei it tal stimmen de kandidaat.

De nije foarriedige útslach komt op de ynternetside fan de gemeente te stean. Moandeitemoarn wurdt dy útslach dan troch it Sintraal Stimburo definityf makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)