Te min staazjeplakken MBO's

21 mrt 2014 - 11:32

MBO's hawwe hieltyd mear problemen om genôch staazjeplakken te finen. De problemen binne sa grut, dat foar it kommend skoaljier mooglik studinten net talitten wurde. Benammen yn de soarch is it dreech om staazjeplakken te finen. It bliuwt wol nedich dat genôch studinten in soarchoplieding folgje, omdat oer in pear jier in tekoart oan beropskrêften yn dy sektor ferwachte wurdt.

It Friesland College besiket kursisten nei in oare stúdzje te begelieden as se net talitten wurde, seit direkteur Jan Douma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)