BFFW: 'Tûzen ljipaaien deis'

It Bûn foar Fryske Fûgelwachten ferwachtet dat dit wykein wolris it lêste momint wêze kin fan it ljipaaisykjen dit jier. Op dit stuit binne der in lytse trijetûzen aaien fûn, mar neffens it BFFW giet it no hurd en kinne der op in dei wol mear as tûzen aaien fûn wurde.
It earste ljipaai waard begjin maart fûn, mar dêrnei wie it te droech. Troch it reinwetter fan de ôfrûne dagen binne de omstannichheden foar ljippen om aaien te lizzen folle better wurden. It tal ljipaaien dat dit jier socht wurde mei, is 5693.