Omrop lansearret Windows-app

21 mrt 2014 - 11:07

Omrop Fryslân hat in applikaasje lansearre foar Windows. De app is foar tablets en smartphones dy't op Windows draaie, mar ek geskikt foar desktopkompjûters mei Windows 8 of heger. Brûkers kinne op de applikaasje it lêste nijs folgje en programma's weromsjen mei Utstjoering Mist. Ek binne temakanalen te besjen en te beharkjen, lykas it Koperkanaal, Klipkar TV en de Fryske Top 100.

De Omrop Fryslân-app is fergees del te heljen yn de Windows-appstore. Dêrmei is de omrop beskikber op alle mobile apparaten.

Dochs giet de ûntwikkeling fan nije applikaasjes gewoan troch. Sa wurdt der no drok wurke oan apps foar smart-TV's. Foar Samsung-televyzjes is dy al beskikber, mar dat tal wurdt útwreide.

Helje hjir de Windows Phone-app del.
Helje hjir de Windows 8-app del.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân app Windows
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)