Utslach It Amelân wol jildich

21 mrt 2014 - 10:36

De útslach fan de gemeenteriedsferkiezings op It Amelân is wol jildich. Dat hat it Sintraal Stimburo freed bekend makke. Op it eilân ûntstie opskuor oer twa stimmen dy't nei de ferkiezings ûnjildich ferklearre waarden, mar letter op de jûn dochs meitelden yn de telling.

Ien fan dy stimmen soarge derfoar dat Ameland '82 likefolle stimmen krige as Algemeen Belang Ameland dy't earder as winner útroppen waard. Algemeen Belang makke beswier tsjin de gong fan saken, mar dat is no ôfwiisd, om't de stim gjin ynfloed hat op de sitferdieling.

De sitferdieling bliuwt dêrtroch sa't er is. Piet IJnsen fan Algemeen Belang Ameland hat oanjûn dat er by op de earstkommende riedsfergadering dochs noch oantrúnje sil op in wertelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)