IFKS: Petear mei Heerschop

21 mrt 2014 - 10:35

It bestjoer fan de IFKS sil nije wike yn petear mei it royearde lid Sikke Heerschop. IFKS-foarsitter Willem Hoornstra wol net sizze wannear't dat petear krekt wêze sil. Neffens Hoornstra is der oant dit stuit gjin streekrjocht kontakt tusken beide partijen "en dat is net goed", seit Hoornstra.

It bestjoer fan de IFKS giet it petear yn mei de bedoeling om der op in positive wize út te kommen mei Heerschop. Dat soe betsjutte kinne dat it royemint skrast wurdt. Hoornstra wol op dit stuit noch net fierder yngean op de kwestje.

De skûtsjeskipper waard op de algemiene ledegearkomste royeard as lid, omdat er him misdroegen hawwe soe by de diskusje oer de beneaming fan Ab Borg fan Drachten as nije foarsitter. It bestjoer bewearde dat leden net by folmacht stimme koene, wylst Heerschop fûn dat dat wol koe. Hy hat it punt oan in jurist foarlein en neffens de statuten fan de IFKS meie leden wol deeglik by folmacht stimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)