Alberda as assistint nei LDODK

21 mrt 2014 - 08:43

Pieter Alberda (41) út Reduzum is fan takom seizoen ôf de nije assistint-trainer fan de kuorballers fan LDODK. Alberda spile mear as fyftjin jier yn de seleksje fan Stânfries en Mid-Fryslân en is op 't stuit trainer by Tytsjerk. Oan de ein fan it seizoen makket er de oerstap nei LDODK om mei haadtrainer Jan Sjoerd Pool gear te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)