Klachten oer taksybedriuw

21 mrt 2014 - 08:29

De gemeente Ljouwert moat wat dwaan oan klachten oer taksybedriuw Witteveen fan De Lemmer. Dat fynt de ChristenUnie. Witteveen docht foar de gemeente Ljouwert it WMO-ferfier. Dêr hawwe klanten lykwols klachten oer. Se soene bygelyks net goed te wurd stien wurde troch de klanteservice en de rekkens soene net doge.

De ChristenUnie wol no fan it kolleezje witte hoefolle klachten oft der krekt binne en wat de gemeente fan doel is deroan te daan. B en W fan Ljouwert wolle earst de klachten earst ynventarisearje foardat se mei in reaksje komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)