15 Fryske Kraanwettergemeenten

Fyftjin Fryske gemeenten binne fan no ôf in 'Kraanwettergemeente'. Se ha meidien oan de aksje Stem voor Kraanwater fan wetterbedriuw Vitens. De aksje is opset troch it wetterbedriuw om gemeenten derfan te oertsjûgjen dat kraanwetter sûn en duorsum is, en ek nochris in lokaal produkt.
Freedtemiddei wurdt in kraanwetterkaart fan Nederlân presintearre. Dêr is op te sjen hokker gemeenten 'Kraanwettergemeente' wurden binne. Prosintueel sjoen dogge yn Fryslân folle mear gemeenten mei as yn de rest fan it lân.
In Kraanwettergemeente is in gemeente dy't taseit dat yn it gemeentehûs allinnich noch mar wetter út de kraan skonken wurdt by bygelyks riedsfergaderings, lunches en oare byienkomsten.