'Bommelder' wer frij

Fertocht pakket yn Sint Anne © Janko de Vries
De 64-jierige ynwenner fan Sint Anne dy't goed in moanne lyn oppakt waard om't der in bommelding dien hie, is wer frij. Dat lit syn advokaat witte. Op 14 febrewaris makke de man melding fan in fertocht pakketsje yn syn wenning en der waard grut alarm slein. De fertochte waard letter op de dei oanhâlden troch de plysje omdat der oanwizings wiene dat er sels it pakketsje makke hie. It gerjochtshôf hat no bepaald dat de man wer frij komme moat, mar oft dat ek betsjut dat er net langer fertochte is, is noch net bekend.