Jagers bedrige om Kraaiedei

20 mrt 2014 - 20:20

De Kraaiedei fan de Wyldbehearienheid Drachten giet net troch. De Drachtster jagers soene sneon krieën sjitte. Foar wa't de measte bisten sjit soene 'moaie prizen' klear lizze. De aksje wie bedoeld om mear animo foar de jacht te krijen. De Partij foar de Dieren wie skokt troch de aksje en stelde Keamerfragen. De jagers út Drachten wurde no bedrige en hawwe dêrom de Kraaiedei ôfsein.

Yn Fryslân binne in soad krieën. Dêr mei op jage wurde, om't de fûgels gjin natuerlike fijannen hawwe. Krieën jeie ûnder oare op greidefûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)