Undersyk nei gelok âlderein

Yn Drachten is tongersdei praat oer minsklik gelok yn de âldereinsoarch. It docht bliken dat soarchynstellings dêr te min each foar hawwe. Ut ûndersyk docht bliken dat de faktor 'gelok' wol te mjitten is en dat soarchynstellings dêr in belangrike rôl yn spylje kinne. Op de byienkomst yn Drachten binne der ûnder oaren ynliedings hâlden troch de sosjolooch dr. Jacob Dijkstra en ûndersiker Jochem Hoekstra.