Nestor Van Dijk yn ried Harns

20 mrt 2014 - 13:54

Wiebe van Dijk komt yn Harns dochs yn de gemeenteried. Van Dijk stie foar de PvdA op in ûnferkiesber 13de plak, mar hat mei 242 foarkarstimmen dochs in sit ferovere. De nestor fan de Harnzer gemeentepolityk sit al 24 jier yn de ried. Hy nimt no wer plak, mar it liket der op dat hy nei syn 25-jierrich jubileum der mei ophâlde sil.

De nûmer trije op de list, Jacqueline Huizenga, is teloarsteld. Se is har sit kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)