Workshop foar boufakkers

20 mrt 2014 - 12:28

Foar de CNV workshop 'Wurksykjende Boufakkers' is in soad animo. De workshop is tongersdei yn Snits. Mear as 60 boufakkers ha har ynskreaun. Snits is ien fan de fjouwer plakken yn 't lân dêr't dit soarte fan dagen binne. De minsken krije ûnder oare workshops oer hoe't se netwurkje moatte fia de sosjale media. It oanmeitsjen fan in side op LinkedIn is tsjintwurdich wichtich om in baan te krijen.

Fierder krije de minsken ynformaasje oer saken as it pensjoen en de WW en se kinne prate mei konsulinten.

Trefwurden: 
CNV boufakkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)