Oanjefte tsjin Geert Wilders

De skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe docht oanjefte tsjin Geert Wilders. Hy rôp woansdei op syn partijbyienkomst yn Den Haach tsjin syn oanhingers oft se mear of minder Marokkanen woene. Minder, wie it antwurd. Doe sei Geert Wilders: 'Dat gaan we regelen.' Njonken de oanjefte fan de skriuwster binne by anty-diskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert alve reaksjes binnenkaam. Fiif fan har wolle oanjefte dwaan tsjin de PVV-lieder.
Rûnom is mei ôfgriis reagearre op de útspraken fan de PVV-lieder. Premier Rutte seit dat hy der in fize smaak fan yn de mûle krijt. In Dútsk parseburo ferliket it optreden fan Wilders mei de nazi-propagandaminister Goebbels.