Wapens yn hûs Snitser rapper

20 mrt 2014 - 08:43

De rapper Hozny út Snits is woansdei oanhâlden foar wapenbesit. Hozny kaam earder yn it nijs mei in anty-Geert Wilders fideoklip. Yn dy klip waard de politikus bedrige, hy krige pistoalen op 'e holle set. De plysje die woansdei in ynfal yn de wenning fan de man. Trije fjoerwapens binne yn beslach nommen. De plysje ûndersiket oft it echte fjoerwapens binne. De 28-jierrige Snitser is in tal oeren fêsthâlden en mocht dêrnei wer nei hûs. Hy hat proses-ferbaal krigen.

De advokaat fan Hozny fynt de oanhâlding troch de plysje wat oerdreaun. Hy fynt dat de klip net sa skokkend is en seit dat it falt ûnder artistike frijheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)