StellingwerfPlus nij yn ried

20 mrt 2014 - 01:10

De lokale partij StellingwerfPlus is mei 469 nijkommer mei 1 sit yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf. Lykas by de foarige ferkiezings is Eaststellingwerfs Belang mei 26,7 prosint fan de stemmen fierwei de grutste partij mei 6 sitten. De partij ferliest lykwols ien sit. Ek de PvdA moast in sit ynleverje en komt út op 4 sitten. It CDA bliuwt hâldt syn 4 sitten. GrienLinks krige der in sit by en hat der no 2.

VVD bliuwt stean op 2 sitten, D66 op 1 en ChristenUnie ek op 1 sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)