Harlinger Belang en CDA winne

20 mrt 2014 - 00:50

Harlinger Belang en it CDA binne de grutte winners fan de gemeenteriedsferkiezings yn Harns. De lokale partij Harlinger Belang klimt fan 9,6 nei 18,5 prosint en pakt dêrmei in tredde sit yn de ried. Winst wie der ek foar it CDA dat fan 11,2 nei 15,9 prosint groeit en ek op 3 sitten útkomt.

De PvdA bliuwt de grutste partij mei 21,5 prosint fan de stimmen. De Wad'n Partij, opfolger fan Frisse Wind, helle mar 6 prosint en komt dêrtroch út op 1 sit. De VVD hâldt 2 sitten, D66 krijt der in sit by en komt út op 2.

GrienLinks hat 1 sit, lykas de ChristenUnie en nijkommer OPA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)