Twa nijkommers W'stellingwerf

20 mrt 2014 - 00:42

De lokale partijen Weststellingwerf Natuurlijk en Vrijheid Voor Allen (VVA) binne de twa nijkommers yn de gemeenteried fan Weststellingwerf. By de ferkiezings krige Weststellingwerf Natuurlijk 793 stimmen, goed foar 1 sit. VVA komt mei 586 yn de ried.

De PvdA bliuwt de grutste mei 5 sitten. De VVD folget op de foet mei ek 5 sitten. It CDA makket de top 3 kompleet mei 4 sitten. Weststellingwerfs Belang bliuwt stean op 3 sitten. GrienLinks moat in sit ynleverje en komt op 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)