PvdA bliuwt grutste op Skylge
De PvdA bliuwt de grutste partij op Skylge. De partij helle by de gemeenteriedsferkiezings 36,1 prosint fan de stimmen en bliuwt dêrmei stean op 4 sitten. Ek de sitteferdieling by de oare partijen bleau lyk oan fjouwer jier lyn. Plaatselijk Belang Terschelling sit op 'e nij mei 3 sitten yn de ried. De VVD en it CDA bliuwe beide op 2 sitten.