CDA klimt yn Ljouwerteradiel

Gemeente Ljouwerteradiel
It CDA is de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwerteradiel. De Christen Democraten klimme fan 18 prosint fan de stimmen nei 23,6 prosint en pakt dêrmei 4 sitten. De PvdA bliuwt de grutste mei 28,6 en hat dêrmei ek 4 sitten.
Gemeente Belangen Leeuwarderadeel hat 3 sitten, folge troch de FNP en VVD mei 2. Yn Ljouwerteradiel wie de opkomst mei 60 prosint 5 prosint leger as fjouwer jier lyn.