D66 en SP winners yn SWF

19 mrt 2014 - 23:50

D66 en de SP binne de grutte winners by de gemeenteriedsferkiezings yn Súdwest-Fryslân. D66 helle 7,7 prosint fan de stimmen en komt dêrmei út op 2 sitten. De SP dy't yn 2010 net meidie oan de ferkiezings, komt fan 0 op 3 sitten.

It CDA bliuwt mei 23,6 prosint de grutste partij mei 10 sitten. PvdA folget mei 6 sitten, FNP is de tredde partij mei 5 sitten. VVD komt út op 3, Gemeente Belangen Súdwest Fryslân op 2, lykas de ChristenUnie en Totaal Lokaal. GrienLinks hat 1 sit yn de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)