SP Smellingerlân wint 2 sitten

De SP is de grutte winner fan de ferkiezings yn Smellingerlân wurden. De partij giet fan twa nei fjouwer sitten. De PvdA moat ien sit ynleverje, mar bliuwt mei seis sitten de grutste riedsfraksje. CDA en ChristenUnie hawwe elk fiif sitten. De nije lokale partij ELP komt binnen mei trije sitten.
De VVD is de grutte ferliezer yn Smellingerlân. De partij fan wethâlder Marjan van der Aart giet fan 4 en 2 sitten en komt nei alle gedachten net werom yn it nije kolleezje fan b. en w.
Oare ferliezers binne FNP (fan 2 nei 1) en GrienLinks (1). D66 giet fan 1 nei 2 en ek Smallingerlands Belang krijt twa sitten.