ChristenUnie wint sit T'diel

Gemeente Tytsjerksteradiel
It CDA bliuwt de grutste partij yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De partij ferliest stimmen mar bliuwt kwa tal sitten lyk. Ek de FNP bliuwt stean op 5 sitten en is dêrmei de twadde partij. PvdA stiet mei 4 sitten op plak trije, folge troch de VVD mei 3 sitten.
De opfallendste ferskowing is de sittewinst foar de ChristenUnie dy't op 2 sitten komt. GrienLinks ferliest in sit en komt út op 2. Gemeente Belangen Tytsjerksteradiel slút it rychje ôf mei 1 sit.