FNP wint yn Achtkarspelen

De FNP is de grutste partij by de gemeenteriedsferkiezings yn Achtkarspelen. De Fryske Nasjonale Partij krige 3030 stimmen en kaam dêrmei út op 6 sitten. It CDA moast it dwaan mei 2730 stimmen, goed foar 5 sitten. De PvdA, ChristenUnie en Gemeentebelangen Achtkarspelen moasten it dwaan mei 3 sitten. De VVD helle mei 765 stimmen ien sit.
Yn Achtkarspelen wie de opkomst mei 55,9 prosint heger as fjouwer jier lyn, doe't 54,3 prosint de reis nei it stimburo makke.