CDA wer de grutste op It Bilt

It CDA is op 'e nij de grutste partij wurden by de gemeenteriedsferkiezings op It Bilt. De Christendemocraten krigen 1230 stimmen. Frije Bilkerts waard mei 1012 stimmen de op ien nei grutste. Werkgroep Het Bildt einige mei 1006 stimmen op it tredde plak. De PvdA einige as fjirde mei 706 stimmen, folge troch de VVD mei 467. De opkomst op It Bilt wie mei 54,9 prosint krekt wat leger as yn 2010, doe't 55,5 prosint nei de stimbus kaam.
Frije Bilkerts wie mei 6 prosint de grutste stiger yn de gemeente. VVD en PvdA ferlearen beide 3 prosint.