Oanjefte tsjin stimmeronseler

Boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân hat oanjefte dien tsjin in lid fan Algemeen Belang Ameland. De boargemaster waard tipt dat in man by minsken lâns gie dy't net fan doel wienen om te stimmen. Hy frege dizze minksen om in folmacht om sa mei harren stimpassen nei it stimlokaal te gean.
Yn ien gefal is oantoand dat de man dit mei sukses die. Hy moast syn stimpas ôfjaan. De Hoop is dêr hiel bliid mei om't de ferkiezings op syn eilân no jildich binne.