Romme oerwinning foar Aris

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha woansdei in knappe oerwinning pakt troch mei 83-71 te winnen fan Leiden. Yn it Kealledykje namen de Ljouwerters in lytse 22-18 foarsprong yn it earste kwart. Foar rêst kaam Leiden knap werom, wêrtroch't beide ploegen by in 37-37 stân de klaaihokken opsochten. Nei it skoft naam Aris op 'e nij de lieding en rûn út nei 59-44. Yn it lêste kwart rûn de ploech fan coach Tom Simpson út nei in ienfâldige oerwinning.
Op 8 febrewaris dit jier pakten de Ljouwerters de lêste oerwinning troch mei 82-81 te winnen fan Maxcomm.