Utslach Skiermûntseach bekend

19 mrt 2014 - 21:43
  • Gemeente Skiermûntseach

Op Skiermûntseach bliuwt Ons Belang lykas by de foarige ferkiezings de grutste partij op it eilân. Ons Belang krige 293 stimmen. De Christelijke Groepering Schiermonnikoog krige 154 stimmen en waard twadde. DS 10 waard tredde mei 131 stimmen, folge troch Schiermonniksoogs Belang mei 66 stimmen. De opkomst op it eilân wie goed 85 prosint. Dat wie 3 prosint mear as by de foarige ferkiezings.

Skiermûntseach wie eins de earste gemeente yn Nederlân dy't de útslach bekend meitsje soe, mar der slûpte in flater yn de telling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)