F16's ynset by konferinsje

19 mrt 2014 - 19:58

De F16's fan de Ljouwerter fleanbasis fleane nije wike moandei en tiisdei langer troch fanwege de NSS. Op dizze nukleêre konferinsje yn Den Haach komme 58 wrâldlieders ôf, wêrûnder de Amerikaanske presidint Barack Obama.

Om feiligheidsreden wurde ûnder mear bewapende F16's fan de Ljouwerert fleanbasis ynset om it loftrom te bewaken en wannear nedich yn aksje te kommen om ûnbekende fleantugen te ûnderskeppen. Moandei wurdt der middeis en jûns flein en tiisdei de hiele dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)