Harns goedkard foar Tall Ships

Harns is goedkard foar de Tall Ships Race. De ynternasjonale organisaasje wie woansdei yn Harns foar in ynspeksje. De kommisjeleden seagen nei de foarsjenningen fan de stêd en de feiligens. De foarsitter wie benammen te sprekken oer de grutte ekspertize fan de Harnzer haven. It feest mei de grutte sylskippen yn Harns is fan 3 oant en mei 6 july