Jongste taksysjauffeur op paad

19 mrt 2014 - 14:21
  • Boargemaster Van Mourik en de jongste taksysjauffeur

Boargemaster Van Mourik fan Menameradiel gie woansdei op bysûndere wize by de stimburo's del. Hy liet him rûnride troch de jongste taksysjauffeur fan Nederlân, de 18-jierrige Jacqueline Schuil út Menaam. Foar Jacqueline wie it ekstra bysûnder, want sy mocht foar it earst stimme. Jacqueline is ein febrewaris 18 wurden. Har rydbewiis hie se op har 17de al, mar krekt nei har jierdei hat se ek har sjauffeursbewiis helle. Yn Wier krige Rodenhuis in blomke. Hy is mei syn 79 jier it âldste stimburolid yn de gemeente.

Van Mourik sels hoecht net te stimmen om't hy yn Ljouwert wennet. Hy hat syn stim yn novimber al útbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)