Bekendheid riedsleden is min

It is min steld mei de bekendheid fan gemeenteriedsleden. Sa docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan it Algemeen Dagblad dat de helte fan de Nederlanners net iens ien riedslid opneame kinne. Hoe grutter de stêd, hoe minder bekendheid mei de lokale politikus. Fan minsken ûnder 35 jier kin sels 60 persint net ien readslid opneame.
Yn de grutte stêden spilet it probleem mear as op it plattelân, mar ek yn Fryslân fine in soad minsken it dreech om ien fan harren gemeenteriedsleden op te neamen.