Plysje fynt fjoerwapen en himp

19 mrt 2014 - 12:38

De plysje hat woansdei twa manlju oanhâlden foar wapenbesit en in himpkwekerij. De plysje hat nei in tip oer mooglike wapenhannel twa wenningen yn Stynsgea en Damwâld trochsocht. Yn Stynsgea fûn de plysje in fjoerwapen, in 76-jierrige man is oanhâlden. Yn it hûs yn Damwâld wie in himpkwekerij mei 100 planten fûn. Dêr is in 54-jierrige man oanhâlden. Beide manlju binne foar neier ûndersyk meinaam nei it buro.

De Stynsgeaster dy't oppakt is moat 20 maaie foarkomme yn in oare kwestje. Hy wurdt derfan fertocht dat er syn fee fertutearzje lit. Hy moast yn desimber ek al foarkomme, mar wachte doe de plysje op mei in fjoerwapen. Nei in pear wiken foararrest wie hy wer op frije fuotten. De ME hat de fertochte woansdei oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. Dêrnei hat de plysje syn wente trochsocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)