Wurkleazen by wegebou ynsette

Wurkleazen moatte better ynset wurde by grutte wegebouprojekten lykas de Sintrale As en daliks de wurksumheden yn Harns. Bouwend Noard oerleit dêr dizze wike oer mei de provinsje Fryslân. Boubedriuwen moatte wurkleazen út Fryslân ynsette by grutte wegebouprojekten. No wurdt der foar elke opdracht en wurkjouwer oer ûnderhannele. Dat soarget der foar dat de wurkleazen tydlik ynhierd wurde en har oplieding net ôfmeitsje. Bouwend Fryslân stelt in provinsjale poule foar. Dan kinne de minsken in bettere oplieding krije en langer oan it wurk bliuwe.
Tongersdei is it petear mei de provinsje. Ek wurdt de kommende dagen sprutsen mei 12 wegebouwers út 'e regio Noard.