Nije beammen plantsje yn Nes

Yn it sintrum fan Nes op It Amelân moatte 70 beammen werplante wurde. De gemeente Amelân fynt dat nedich, omdat der mei de hurde stoarm fan ferline jier in soad beammen omwaaid binne op it eilân. Benammen Nes is doe swier troffen.
Mei it werplantsjen fan de beammen hopet de gemeente it doarp wer it nedige grien te jaan. Tiisdei wie in ynformaasjejûn foar de bewenners fan Nes.