Noch ûnderhannelje oer Polare

De Polare-boekwinkel yn Ljouwert giet mooglik toch ticht © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De oername troch boekhannel Van der Velde fan twa Polare-boekhannels is noch altyd net rûn. Dat seit Ad Peek fan Van der Velde. Lykas bekend wol hy de saken yn Grins en yn Ljouwert -de eardere De Tille- oernimme. Op dit stuit wurdt ûnderhannele mei it Centraal Boekhuis.
It is de bedoeling dat De Tille dan ticht giet. Undúdlik is ek hoe't it mei it personiel fan eardere De Tille komt.