Ultimatum foar transportsektor

It fakbûn CNV hat in ultimatum steld oan wurkjouwers yn de transportsektor. As dy foar tongersdeitejûn seis oere net yngeane op har winsken, komme der aksjes. It oerlis oer in nije CAO foar frachtweinsjauffeurs sit fêst. De fakbûnen easkje in leansferheging, de wurkjouwers wolle dat net. De sjauffeurs ha der boppedat bot har nocht fan dat har wurk hieltyd faker oernaam wurdt troch Easteuropeanen.