'Skipper ûnrjochtlik royeard'

IFKS © Omrop Fryslân
Skipper Sikke Heerschop is ûnrjochtlik royeard troch de IFKS. Dat hat in jurist foar Heerschop útsocht. De skipper waard op de algemiene ledegearkomste royeard as lid, omdat hy him misdroegen hawwe soe by de diskusje oer de beneaming fan Ab Borg fan Drachten as nije foarsitter. It bestjoer bewearde dat leden net by folmacht stimme koene, wylst Heerschop fûn dat dat wol koe.
Heerschop hat dat punt oan in jurist foarlein en neffens de statuten fan de IFKS meie leden wol deeglik by folmacht stimme.
De konklúzje fan de jurist is dan ek dat Heerschop ûnterjochte royeard is. Heerschop hopet dat it bestjoer sa gau mooglik dúdlikheid ferskaffe sil oer de saak.