Friks en Zuivelhoeve yn prizen

19 mrt 2014 - 07:32
  • Ien fan de stands op TEL2014

Friks Web & Marketing út Ljouwert hat de ûndernimmerspriis - De HET - yn de wacht sleept. Se krigen de priis tiisdei op de sakebeurs TEL yn it WTC-Expo. De nominearren wiene ferdield yn twa groepen, bedriuwen dy't langer of koarter as fiif jier aktyf binne. Friks wûn yn de kategory dy't al langer as fiif jier bestiet. Se fersloegen boubedriuw Kolthof fan Stiens en kommunikaasjeburo Mas Outreach. De sjuery hie meardere stimrondes nedich om in beslút te nimmen, de bedriuwen wiene oan elkoar weage.

Yn de kategory bedriuwen jonger as fiif jier gie de priis nei de delikatessewinkel de Zuivelhoeve yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)