Gemeentenamme komt op aginda

19 mrt 2014 - 07:05
  • De Fryske Marren

It boargerinisjatyf fan de Freonen fan De Friese Meren foldocht oan de kritearia fan de feroardering fan de eardere gemeente Skarsterlân. Dat is tiisdeitejûn by de riedsgearkomste fêststeld. Dit betsjut dat it yn april op de aginda fan de riedskommisje stiet en dêrnei komt it yn de ried. Mei it inisjatyf wolle se dat it beslút oer de nije namme fan de gemeente mei in healjier útsteld wurdt.

De inisjatyfnimmers binne tsjin it plan fan de koälysje fan FNP en CDA om te kiezen foar de namme De Fryske Marren, sy fine dat jildfergriemerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)