Nije direkteur World Servants

18 mrt 2014 - 22:46

Paul Emans is tiisdei beneamd ta nije direkteur fan de World Servants yn Wolvegea. Hy folget de ynterim-bestjoerders Riek Lock en Jan Bosman op. Emans hat sûnt 2004 ferskate managementfunksjes hân. Ek wie er acht jier lang direkteur fan Compassion Nederland, in ynternasjonale kristlike helporganisaasje foar bern.

De World Servants hat alle jierren goed 750 frijwilligers yn it bûtenlân. Sy wurkje tegearre mei de lokale mienskip oan sa'n 15 bouprojekten yn ûntwikkelingslannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)