Oanlis glêsfezel yn Dokkum

Glêsfezel © Omrop Fryslân
Telekombedriuw Kabelnoord is tiisdei yn Dokkum úteinset mei de oanlis fan glêsfezel. Mei in saneamde Area-Pop, in distribúsjesintrum, kinne 2500 wenten oansletten wurde op it glêzfezelnetwurk.
De kommende wiken wurde de kabels oansletten fan de huzen yn de wiken Fonteinslanden, Jantjeszeepolder en Kooilanden. Yn totaal hat 99,8 prosint fan de bewenners tastimming jûn foar de oergong op glêsfezel.