Plysje brûkt mear kamerabylden

18 mrt 2014 - 20:29

De plysje brûkt hieltyd faker kamerabylden om dieven, geweldplegers en oare kriminelen op te spoaren. Ferline jier bygelyks hat de plysje yn Noard-Nederlân 2000 kear gebrûk makke fan byldmateriaal. Dat is in taname fan sa'n 30 prosint.

Ek wurdt wurke oan in saneamde byldbank. Dêr kin byldmateriaal opslein wurde dat net fuortendaliks brûkt wurde kin. Wannear letter in fertochte oppakt wurdt, kin hjir dan bewiismateriaal út sammele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)