H'fean: 13 minsken nei sikehûs

Op It Hearrenfean binne tiisdei oan it begjin fan de jûn trettjin minsken - wêrfan tsien bern - mei klachten mei it sykheljen nei it sikehûs ta brocht. De slachtoffers binne net goed wurden yn sportskoalle Ebert.
Dy waard ûntromme fanwege in frjemde lucht. De brânwacht, plysje en ambulânse binne mei grut alarm útrukt. De brânwacht hat mjittings dien, mar der is neat fûn. De bewenners fan de apparteminten boppe de sportskoalle wienen ek evakuearre. Sy binne opfongen yn in fersoargingshûs en koenen nei in oerke werom.